Provinsjebestjoer: 145 miljoen foar kultuer, taal en erfgoed

26 nov 2019 - 16:37

It provinsjebestjoer wol sa'n 145 miljoen euro beskikber stelle foar de Fryske kultuer. Dat ha Deputearre Steaten tiisdei bekend makke yn de kultuernota Nij Poadium, dy't giet oer de jierren 2021 oant 2024. Yn dat plan stiet wat de provinsje dwaan wol op it mêd fan keunst, kultuer, taal, ûnderwiis en erfgoed.

Nij is dat organisaasjes fan febrewaris takom jier ôf plannen yntsjinje kinne om foar provinsjale subsydzje yn oanmerking te kommen. In ûnôfhinklike advyskommisje advisearret de provinsje wa't dy subsydzje krijt.

Romte foar eksperiminten

It provinsjebestjoer wol omtinken ha foar fernijing, seit deputearre Sietske Poepjes. "We wolle romte jaan oan ynnovaasje en eksperiminten. Festivals kinne wolris op in oar plak organisearre wurde as inkeld yn in sealtsje."

It jild is foar alle fjouwer jier. Neffens Poepjes moat it genôch wêze. "Mei sok jild kinne we hiel wat dwaan", seit de deputearre. "Dit is allegear jild dat de belestingbeteller opbrocht hat. We sette it wer yn foar it wolwêzen en de belibbing fan de minsken yn dizze provinsje."

We kinne hjir hiel wat. Dat wisten we al, mar we ha der no wat mear ûnderfining yn krigen.

Deputearre Sietske Poepjes

Poepjes wol ek dat der mear dien wurdt oan Fryske en meartalige poëzy. Dat past neffens har by it feit dat Ljouwert de titel City of Literature krigen hat. "We binne nei in heger plan gong yn Fryslân", seit Poepjes. "Dat is goed foar it byld dat minsken bûten Fryslân fan ús ha, mar ek foar ús eigen ynwenners. We kinne hjir hiel wat. Dat wisten we al, mar we ha der no wat mear ûnderfining yn krigen."

Genietsje yn mear opsichten

Wannear is de deputearre tefreden? "As noch mear minsken fan keunst genietsje kinne yn ferskate opsichten: muzyk, keunst, toaniel, dûns, teäter, festivals. Dat minsken ha der noflik by fiele."

Provinsjale Steaten moatte noch in definityf beslút nimme oer de kultuernota. Se behannelje de nota op 22 jannewaris takom jier.

(advertinsje)
(advertinsje)