Earste tiny forest fan Fryslân komt by Ljouwerter skoalle

26 nov 2019 - 15:49

In lyts bosk foar bern om te boartsjen, mar ek om te learen oer de natuer. En de bern binne sels de baas oer dat stikje bosk: in 'tiny forest'. De gemeente Ljouwert iepenet tongersdei de earste tiny forest fan Fryslân. Dy komt by de Prins Mauritsskoalle oan de Brandemeer.

Foto: Timo Jepkema, Omrop Fryslân

De tiny forests binne in inisjatyf fan IVN Natuureducatie. De lytse bosken soargje foar ferkuolling, mear bioferskaat en wetteropfang by in protte rein.

Sels namme betinke

Learlingen fan de skoalle meie de beammen en struken pleatse. Der komme 26 ferskillende soarten. De learlingen betinke ek in offisjele namme foar de tiny forest. De bern fan groep 6 moatte it boskje ûnderhâlde.

Der komt ek in lokaal by de tiny forest. Dêr krije de bern les oer planten en bisten, mar ek gewoan rekkenjen en taal.

Noch twa

Der komme yn totaal trije tiny forests yn Ljouwert. De gemeente hat noch net bepaald wêr't de oare twa komme. It plan is om se benammen by skoallen te plantsjen.

(advertinsje)
(advertinsje)