HEA! Damje yn de bakkerij
"Bakkers zijn meestal slechte schakers." Dy útspraak fan skriuwer Godfried Bomans skeat bakker Sake Riemersma fan Frjentsjer 60 jier lyn yn it ferkearde kielsgat. De skaakleafhawwer dage de skriuwer dêrom út foar in wedstriid yn syn bakkerij. Dy histoaryske partij wurdt no nochris werhelle yn Frjentsjer, mar dan as damwedstriid Frysk spul by bakker Siesling.