Drachtster brânstichter wie net tarekkenber

In Drachtster dy't derfan fertocht wurdt dat er yn de nacht fan 3 op 4 juny twa auto's yn 'e brân stutsen hat yn Drachten, wie neffens in psychiater en in psycholooch net tarekkenber. De saak tsjinne tiisdei foar de rjochtbank.
© SR Fotografie
De offisier fan justysje fynt dat de man net mear ferfolge hoecht te wurden, omdat de man net ferantwurdlik hâlden wurde kin foar syn dieden. Wol frege de offisier oan de rjochter om de Drachtster opnimme te litten yn in psychiatrysk sikehûs.
De auto's dy't yn 'e brân fleagen, wiene fan de heit fan de fertochte en in buorman. Dat wie op de Hagewyk yn Drachten.