Oardel jier sel foar 22-jierrige Lemster foar plofkreak yn eigen doarp

26 nov 2019 - 14:39

In 22-jierrige Lemster moat oardel jier de sel yn foar in plofkreak op De Lemmer. De man waard tiisdei feroardiele foar de kreak, dy't hy op 16 maaie 2017 plege op de jildautomaat fan de Rabobank op De Lemmer. Ek syn 27-jierrige hantlanger fan Urk krige achttjin moannen sel. Der wie twa jier easke.

Foto: CAMJO Media

De twa manlju hiene by de plofkreak sa'n 130.000 euro bút makke. Nei de kreak rieden se op 'e scooter fuort. Inkelde moannen letter krige de plysje in melding fan in tsjûge. Dy kaam mei ynformaasje oan wêrmei't it twatal oppakt wurde koe.

De rjochtbank nimt it de fertochten kwea ôf dat se in soad skea feroarsake hawwe. Sy hawwe neffens de rjochtbank ek gjin ferantwurdlikheid nommen foar de kreak. De fertochten moatte in skeafergoeding fan hast 178.000 euro betelje oan de Rabobank. Ek de Poiesz-supermerk krige in fergoeding fan 5.000 euro tawiisd.

Bylden fan de plofkreak yn maaie 2017:

(advertinsje)
(advertinsje)