Sander Arends docht as earste Fries ea mei oan Australian Open

26 nov 2019 - 14:01

Tennisser Sander Arends sil yn jannewaris 2020 meidwaan oan de Australian Open. Tegearre mei Cheng-Peng Hsieh út Taiwan sil de Ljouwerter útkomme yn it dûbeldspul. Dêrmei is hy de earste Fries ea dy't meidocht oan it haadtoernoai fan de Grand Slam yn Melbourne.

Foto: ANP

Arends hat him pleatst foar de Australian Open troch syn posysje op de wrâldranglist. Dêrop stiet hy 68e, en dat is genôch om mei te dwaan. Hy spilet yn Melbourne net mei syn fêste dûbeldmaat David Pel. Pel is de nûmer 89 fan de wrâld, en dêrmei komt hy it toernoai net binnen.

Toernoaiskema yn Australië

De Taiwanees Cheng-Peng Hsieh, de nûmer 72 fan 'e wrâld, stiet wol heech genôch. Yn 2017 spile Arends ek mei in Taiwanees doe't hy syn debút makke op Wimbledon, te witten Hsien-Yin Peng.

Op âldjiersdei pakt Arends in fleantúch nei Australië. Yn de tarieding op de Australian Open sil hy dêr, tegearre mei Hsieh, challengertoernoaien spylje yn Canberra en Bendigo. Yn de wike nei de Australian Open besykje se noch mei te dwaan oan it ATP-toernoai fan Pune yn Yndia. Nei Pune komt Arends wer nei Nederlân dêr't hy hopet it World Tennis Tournament yn Rotterdam te spyljen. Dat soe dan wer tegearre mei David Pel wêze.

De saneamde Grand Slams binne de fjouwer grutste toernoaien fan de tenniswrâld.

  • Australian Open (Melbourne) - 20 jannewaris oant 2 febrewaris 2020
  • Roland Garros (Parys) - 24 maaie oant 7 juny
  • Wimbledon (Londen) - 29 juny oant 12 july
  • US Open (New York) - 31 augustus oant 13 septimber

Troch diel te nimmen yn Australië is Sander Arends aanst op alle Grand Slams yn aksje kaam.

(advertinsje)
(advertinsje)