Húsdokters liede de needklok: kwetsbere pasjinten tusken wâl en skip

26 nov 2019 - 12:28

Húsdokters lûke tiisdei oan de belle yn Den Haag. Se hawwe grutte problemen om har meast kwetsbere pasjinten op in plak te krijen dêr't se de goeie soarch krije. It giet bygelyks om demintearjende âlderen, om psychiatryske pasjinten en groanysk siken.

Foto: Omrop Fryslân

"Het zijn de meest kwetsbare groepen, mensen die niet voor zichzelf kunnen zorgen", fertelt Bart Maats. Hy is foarsitter fan de húsdokterferiening yn Fryslân en wurket op De Gordyk. "Wij zien dat deze mensen niet de zorg krijgen die ze nodig hebben."

Trochferwizing mislearret

It kostet faak in soad muoite om se troch te ferwizen nei spesjalisten. Bytiden slagget dat hielendal net. Yn trochsneed bart dat in húsdokter by seis pasjinten yn 'e wike. Pasjinten sitte dan moannen sûnder de goeie soarch.

"De mensen die de grootste behoefte aan zorg hebben, komen als laatste aan de beurt", seit Maats. In oplossing betinke is noch net sa ienfâldich, mar der wurdt wol wurke oan de problemen.

Gearwurking ferbetterje

"Wat wij hier in Fryslân kunnen doen, is met elkaar een oplossing bedenken. We kunnen bijvoorbeeld proberen om mensen met verward gedrag op de juiste plek te krijgen. De samenwerking verbeteren, zodat mensen hier niet tussen wal en schip vallen."

Ferslachjouwer Andries Bakker yn petear mei Bart Maats

(advertinsje)
(advertinsje)