Opsterlân wol trochgean mei bestriding ikeprosesjerûp

26 nov 2019 - 12:03

Opsterlân wol ek yn 2020 de bestriding fan de ikeprosesjerûp troch syn eigen minsken dwaan litte. De ôfrûne simmer is it tal rûpen yn de gemeente fertsienfâldige. Om't der in hiel soad meldingen wiene, hat de gemeente sels in spesjale stofsûger en in pak kocht, sadat in eigen meiwurker fan de bûtentsjinst de nêsten fuorthelje koe. Dat is sa goed befallen dat de gemeente dêrmei trochgean wol.

Foto: Omrop Fryslân, Bauke Deelstra

De ferwachting is dat der yn 2020 wer mear ikeprosesjerûpen wêze sille. Opsterlân giet út fan in ferdûbeling. As eigen meiwurkers de bestriding dogge, kin der folle rapper reagearre wurde op in melding. Boppedat is it goedkeaper omdat de meiwurker it meinimme kin yn syn reguliere wurk.

De hierkes fan de ikeprosesjerûp kinne sûnensklachten feroarsaakje, lykas jokte, reade bultsjes en yn guon gefallen eachklachten. Ut dat eachpunt wei is besletten om de bestriding yn earste ynstânsje yn te setten om skoallen, rekreaasjegebieten en sportfjilden hinne.

Kaart meitsje

Opsterlân wol in kaart meitsje dêr't dy gebieten op oanjûn steane. Fierder wol de gemeente healwei juny al begjinne mei de bestriding en moatte de nêsten fan boppeôf opsûge wurde. Dat jout de bêste resultaten.

Njonken de bestriding fynt de gemeente it ek wichtich om yn te setten op previnsje en om de natuerlike fijân fan de rûp te stimulearjen. Der komme eksperiminten mei nêstkastkes foar blokmiezen en der wurdt gearwurke mei natuerferieningen en ynwenners.

(advertinsje)
(advertinsje)