Keamerlid Isabelle Diks (GroenLinks) betellet wachtjild werom

26 nov 2019 - 11:42

It Ljouwerter Twadde Keamerlid Isabelle Diks fan GroenLinks sil it wachtjild dat se de ôfrûne jierren krige werombetelje. Diks hat de ôfrûne jierren sântûzen euro wachtjild yn it jier krigen om har ynkommen oan te foljen, neidat se as wethâlder de Keamer yn gie.

Foto: ANP

Se gie yn lean achterút doe't se har wethâlderskip yn Ljouwert ferruile foar in sit yn de Twadde Keamer. Diks seit sels dat se in bepaald útjeftepatroan hie. Omdat se halje trawalje yn de Keamer kaam op grûn fan foarkarsstimmen, koe se har der net op tariede dat se yn ynkommen achterút gie.

Opskuor

Nei berjochtjouwing fan de Volkskrant ûntstie yn de keamerfraksje fan GroenLinks opskuor oer it wachtjild fan Diks. "De fractie wist het niet en had het wel willen weten", lit de partij witte. Yn oerlis mei de fraksje hat Diks de regeling dêrom stopsette litten. Ek sil sy it wachtjild werom betelje.

Isabelle Diks seit yn in reaksje op Twitter dat se it wachtjild werombetellet en dat se it jild net oannimme moatten hie.

De reaksje fan Isabelle Diks (GL) - Foto: Twitter
(advertinsje)
(advertinsje)