De Russyske punkband Pussy Riot yn aksje by IepenUP Live

26 nov 2019 - 11:02

Gjin boarger yn Ruslân kin him hjoed-de-dei noch feilich fiele. De plysje docht net wat de rjochterlike macht bepaalt, mar set minsken samar yn de finzenis. De Russyske punkband Pussy Riot wol mei protestaksjes, mar ek mei muzykfoarstellingen har fersette tsjin it Russyske rezjym.

Snein joech de groep in konsert yn Sealen Schaaf yn Ljouwert, moandei kamen de leden mei in motivaasje fan har aksjes op it poadium fan IepenUP Live. Manager en produsint Alexander Cheparakhin fertelde yn dat ramt oer de aksje yn de WK-finale yn Moskou. Wylst presidint Poetin op de tribune siet, stoarmen fjouwer leden fan Pussy Riot yn plysjeklean it fuotbalfjild op en wisten de wedstriid foar in minút stil te lizzen. Omdat gjin geweld brûkt wie krigen de aksjefierders mar fjirtjin dagen sel. Doe't se lykwols frij kamen, waarden se daliks wer arrestearre om't presidint Poetin him misledige field hie.

Yn opstân

Minsken ha dus altyd de plicht om yn opstân te kommen tsjin ûnrjocht, sa seit muzikante Maria Alyokhina tsjin in grôtfolle seal yn Neushoornkafee Backstage. "Sels al is dêr geweld foar nedich." Maria (Marsja) lit har dêrby troch neat tsjinhâlde. Ek al waard se feroardiele ta opsluting yn in strafkamp. In hurde en swiere tiid, neffens Maria, mar it hat har ek riker makke. Se hat dêr minsken moete dy't se oars nea tsjinkommen wie.

Jordi Albareda - Foto: IepenUP

Tiisdei is IepenUP Live der alwer mei in útstjoering oer Fair Saturday. Minder omtinken foar it kapitaal en mear omtinken foar oare minsken. Dat is it boadskip fan dizze temadei, in ynternasjonale beweging tsjin hieltyd mear keapje.

Haadgast: Jordi Albareda

Fair Saturday wurdt op sneon 30 novimber foar it earst yn Nederlân hâlden, en wol yn Ljouwert. Haadgast yn de útstjoering op tiisdei is Jordi Albareda út Baskelân, de betinker fan Fair Saturday. Ek komme der yn de twadde ôflevering fan dizze wike ferskate Ljouwerter projekten oan de oarde, dy't hâlde wurde yn it ramt fan Fair Saturday.

De útsjoering fan IepenUP live op woansdei komt troch de ekstra útstjoerings op moandei en tiisdei te ferfallen. Belangstellenden binne jûn wolkom fan 19.30 oere ôf. De tagong is fergees. De útstjoering is fan 20.00 oere ôf te folgjen op in livestream op de Facebookpagina's fan IepenUP en Omrop Fryslân en de Omrop-app.

(advertinsje)
(advertinsje)