Fryske boargers betelje takom jier mear oan it wetterskip

De Fryske boarger moat yn 2020 rekken hâlde mei in ferheging fan de wetterskipsbelesting. In trochsneed húshâlding mei in eigen wenning sil sa'n tritich euro mear kwyt wêze oan wetterskipsbelesting, wylst in boer in ferheging fan sa'n achthûndert euro te wachtsjen stiet.
© Omrop Fryslân
Wetterskip Fryslân seit dat de ferheging needsaaklik is trochdat it wetterbehear hieltyd djoerder wurdt. Sa sille yn 2020 regionale wetterkearingen opknapt wurde. Boppedat wurde twa diken fersterke: de Lauwersmardyk (4,4 kilometer) en de dyk tusken Koehoal en De Lauwersmar (47 kilometer). Boppedat binne der hegere kosten troch de klimaatferoaringen en lanlike ûntwikkelingen, lykas de stikstofkrisis en de PFAS-problematyk.

Grutte ynvestearringen nedich

It wetterskip soarget foar drûge fuotten yn wiete perioaden en foldwaande wetter yn tiden fan drûchte. Dat is in hieltyd gruttere en djoerdere útdaging en der binne grutte ynvestearringen yn it wetterbehear nedich. De lêsten gean dêrtroch omheech. Earder waarden hegere kosten opfongen troch de algemiene reserves.
Dat wol it hjoeddeistige bestjoer net; dat kiest derfoar om in slutende begrutting te meitsjen sûnder dat der reserves ynset wurde moatte. Om dy reden stelt it bestjoer foar om de belesting te ferheegjen. Nije wike moandei wurdt dit foarstel yn de kommisjegearkomste behannele en op 17 desimber wurdt it oan it algemien bestjoer foarlein.