Helptsjinsten helje persoan út it wetter yn Ljouwerter wyk Blitsaerd

De helptsjinsten hawwe tiisdeitemoarn yn de Ljouwerter wyk Blitsaerd in persoan út it wetter helle. It slachtoffer, it soe gean om in frou, is nei it sikehûs brocht.
Helptsjinsten helje persoan út it wetter
De helptsjinsten waarden krekt foar acht oere oproppen. Omstanners hawwe de persoan út it wetter helle. Hoe't se yn it wetter bedarre is, is op dit stuit net bekend.
© Kappers Media