Kollum: "It midden en de beide einen"

26 nov 2019 - 08:10

"De maatskippij bestiet hjoed de dei inkeld út kleauwen. Dy tusken rassen, dy tusken man en frou, benammen as it oer beleanning giet, der is in klimaatkleau, in senioarekleau, in kenniskleau en bygelyks in mediakleau. Dan ha ik it noch net iens oer dy tusken earm en ryk en dy tusken ferskillende religys.

Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

De Toan fan Willem Schoorstra

Al dy kleauwen ûntstean om't it publike debat polarisearre is. Wy harkje net nei inoars arguminten, mar pleatse de oar fuortendaliks yn it kamp 'ferkeard' of 'fout'. Dy't noed hat oer it miljeu is in klimaatgekky of in miljeufanaat. Dy't him of har soargen makket oer kultureel erfgoed is in rasist of in fassist. Tema's as swarte pyt, it stikstofbelied of it weromheljen fan IS-bern út Syrië soargje foar rûzjes dy't sels famyljes spjalte.

It hat derfan dat polarisaasje de grûntoan fan sosjale ferhâldingen wurden is. It wy-sy tinken slacht foar master op. Letterlik fan alle kanten wurdt ien dy't in oare miening hat leechlein en misledige. Dat leechlizzen op basis fan inoars stânpunten komt omdat elkenien tinkt dat de eigen idealen fuortkomme út goedens en rjochtfeardigens, en dy fan de tsjinstanner út eigenbelang, bekrompenens of haat.

Foarbylden fan dy retoryk fan minachtsjen en útsluten fynst rûnom, yn de polityk de kultuer en yn de media. Yn polarisaasje lizze sûn ferstân en belangen it nei ferrin fan tiid ôf en giet it allinne noch oer de identiteit fan de tsjinstanner. Dy wurdt steefêst negatyf útlein. Foarstanners fan swarte pyt bygelyks neame it oare kamp oanstellers of terroristen, de tsjinstanners fan swarte pyt typearje it oare kamp as rasisten of rjochtsradikalen. Oer ûnderlizzende belangen wurdt net praat.

Sjochst it ek by kranten dy't it oer in 'boze witte mannen protest' ha as it oer it boereprotest giet. Of by Hillary Clinton, dy't sei dat oanhingers fan Trump foar de helte út rasisten, ksenofoben en homofoben bestean. Trump neamde Hillary fansels earder al in liger en in misdiediger. Altyd giet it oer de identiteit fan de tsjinstanner, altyd oer misledigjen. Tink oan Henk Bleker, de eardere CDA steatssekretaris dy't sels de PAS ynfierde, dy't lêsten nei De Haach reizge om tsjin de boeren te sizzen dat se harren net troch in steltsje feganisten en bisteaktivisten opnaaie litte moasten. 'Sjoch op harren del,' sei er.

Lykwols: dêr't tsjinpoalen binne hast ek in midden. En it is yn dat midden dêr't neffens filosoof Bart Brandsma de mooglikheid ta depolarisaasje leit. Minsken yn it midden wolle net kieze, binne wol belutsen mar nuânsearre. Dy minsken moatte mobilisearre wurde, seit Brandsma. Sy binne ûnôfhinklik en empatysk, kinne it fraachstik beneame. Sy prate net yn termen fan goed of fout, yn gelyk of ûngelyk mar fokusje op it ûnderlizzende belang.

Brandsma jout oan datst net de poalen bestride moatst, mar it midden fersterkje. Datst ek it ûnderwerp feroarje moatst: net mear it identiteitspraat fan de oanjeiers fan it debat, mar de aginda fan it midden.

Soks giet der by my yn as in preek yn in âlderling. Want bestiet it hiele Nederlân net foar 98% út in midden?"

(advertinsje)
(advertinsje)