Ierdbeving yn Albanië: "Sels grutte gebouwen binne ynstoart"

"Ik tocht earst: wat gebeurt hjir no? Wurdst echt kompleet troch elkoar skodde." Dat fertelde ús ferslachjouwer Bauke Deelstra tiisdeitemoarn fanút Albanië, dêr't hy no wennet. De westkust fan Albanië waard troffen troch in ierdbeving mei in krêft fan 6.4 op de skaal fan Richter.
© ANP
It episintrum lei op tsien kilometer djipte by de stêd Durrës, sa'n tritich kilometer fan de haadstêd Tirana. Dêr leine Bauke en syn frou te sliepen doe't de beving in pear oerkes lyn plak fûn.

"Grutte gebouwen ynstoart"

"Yn septimber wie der ek al in ierdbeving, doe wie it al de swierste yn tweintich jier", neffens Bauke. "Doe rekken al in soad minsken ferwûne, mar it soe my no net fernuverje as der minsken ferstoarn binne. Wy sitte yn in stevich hûs en binne skrokken, mar der binne ek in soad minsken dy't yn âlde wenningen libje. Ik seach ek dat der sels grutte gebouwen ynstoart binne."
De stêd Durrës, de twadde grutste fan Albanië, hat sa'n 175.000 ynwenners. It ministearje fan Definsje fan Albanië meldt fjirtjin deaden en tsientallen ferwûnen.
It episintrum fan de ierdbeving © United States Geological Survey
Ferslachjouwer Bauke Deelstra wennet yn Albanië
Yntusken binne Bauke en Evie mei in aksje úteinset om jild yn te sammeljen foar de slachtoffers. Mei it jild wolle se helppakketten regelje dy't de minsken helpe kinne.