Jaco Geurts (CDA) yn Burgum: Lit oerheid ynvestearje yn stikstof-maatregels boeren

25 nov 2019 - 23:42

As boeren troch ferskate maatregels in belangrike bydrage leverje oan it oplossen fan de stikstof-krisis, dan heart de oerheid dêr 'waarm' yn te ynvestearjen. Dat sei CDA-lânbouwurdfierder Jaco Geurts moandei yn Burgum.

Der grutte temajûn fan it CDA oer stikstof luts hûnderten minsken - Foto: Omrop Fryslân

It lânboukollektyf frege de minister ferline wike om 2.9 miljard. Geurts woe juster gjin bedraggen neame, mar fynt wol dat de oerheid ta de bûse moat. Ek foar de langere termyn heart de oerheid by te passen as boeren ynkomsten misrinne troch folle ekstinsiver te buorkjen. "As wij de boeren extra eisen opleggen, dan mag de maatschappij daar best wat voor over hebben."

De temajûn yn De Pleats luts hûnderten minsken. Dy harken net allinnich nei Jaco Geurts, mar ek nei Albert van der Ploeg fan de Noardlike Fryske Wâlden en songen op syn foarstel 'De Wâldsang'.

Underhannelingen

It tema fan de jûn hie net aktueler kinnen. Minister Carola Schouten fan lânbou ûnderhannele moandei foar it earst mei it lânboukollektyf en op ferskate plakken yn Fryslân fierden boeren aksje mei trekkers by op- en ôfritten fan autodiken. Geurts woe net it achterste fan syn tong sjen litte om de minister net yn it paad te sitten by har ûnderhannelings. Mar hy wie dúdlik oer de ynset fan it CDA: gjin twongen reduksje fan fee en goeie kompensaasje foar boeren dy't helpe by it oplossen fan de stikstofkrisis.

It giet him dêrby net allinnich om de maatregels op koarte, mar ek om de maatregels dy't nedich wêze sille op langere termyn. "Ik kan boeren geen kringlooplandbouw aanraden zonder bijdrage van de overheid, want je krijgt te maken met lagere opbrengsten."

Geurts fynt dat ek net ûnreedlik. "We hebben de boeren ook nodig voor het onderhoud van ons landschap. Daar mogen we best wat over hebben." It keamerlid is dan ek fan betinken dat Nederlân net folle boeren misse kin. "We hebben in de toekomst misschien wel meer boeren nodig in plaats van minder."

CDA-lânbouwurdfierder Jaco Geurts yn Burgum

Foarsitter Albert van der Ploeg hold in pleit foar in mear duorsume wize fan buorkjen ûnder it motto 'tebek nei de takomst'. Soks kin net fan hjoed op moarn. It moat mei ferdrach en de boer moat fansels wol in ynkommen fertsjinje kinne. Foar in echt sirkulêre lânbou binne boppedat fûnemintelere oanpassingen nedich, dy't tiid fergje en mear ûndersyk freegje. De Noardlike Fryske Wâlden wolle dêr graach in aktive rol yn spylje mei it eigen Fjildlab.

CDA-lânbouwurdfierder Jaco Geurts foar in seal fol boeren yn Burgum - Foto: Omrop Fryslân
Trefwurden: 
CDA stikstof Jaco Geurts
(advertinsje)
(advertinsje)