Doarp Hallum hopet te profitearjen fan Enecomiljoenen

25 nov 2019 - 22:06

No't der 22 miljoen frijkomt yn de gemeente Noardeast-Fryslân troch de ferkeap fan enerzjybedriuw Eneco nei Japan begjinne guon doarpen hoopfol te wurden oer projekten dêr't oant no ta noch net genôch jild foar wie, lykas yn Hallum. Dêr wolle se graach in multyfunksjoneel sintrum bouwe.

It Trefpunt yn Hallum - Foto: Omrop Fryslân, Gerrit de Boer

Der is al aardich wat jild, mar der mist noch twa ton foar it plan 'Bruisend Hallum'. Foar de bou fan it sintrum is 1,5 miljoen euro nedich. De Hallumers hiene sels al sân ton byinoar krigen en okkerdeis ek noch seis ton fan de gemeente tasein krigen.

Der is fanút de gemeente sein dat der net mear jild is. Wol hat de gemeente in ûntwikkelfûns yn it libben roppen om maatskiplike relevante saken dy't de leefberens fan it plattelân better meitsje moatte te realisearjen. Yn Hallum is de hope no rjochte op dit fûns.

De twa ton dy't noch nedich is hoecht net fuortendaliks stoart te wurden seit Siebe Post dy't de oanjager fan 'bruisend Hallum' is. Der kin yn fazes boud wurde dus as it jild der oer oardel jier is dan is dat ek prima seit hy.

Harkje nei in petear Siebe Post

..
Trefwurden: 
Hallum Eneco
(advertinsje)
(advertinsje)