Fryslân kleuret oranje om omtinken te freegjen foar geweld tsjin froulju

25 nov 2019 - 21:42

Rûnom yn Fryslân binne moandeitejûn gebouwen en stânbylden oranje kleure. Net om't it Nederlânsk alvetal in bysûndere prestaasje delset hat, mar om omtinken te freegjen foar it geweld tsjin froulju. De oranje kleuren binne ûnderdiel fan de ynternasjonale kampanje Orange the World. Yn Fryslân wurdt dit organisearre troch Zonta en Unie van de Soroptimisten.

Foto: Kappers Media

De Wetterpoarte yn Snits wie moandei it middelpunt fan de aksje yn Fryslân. Yn gearwurking mei in koar en roeiers joech wethâlder Gea Wielinga it startskot fan de aksje. Njonken de wetterpoarte wiene yn Snits ek de brêgen Krúsrak en Duvelsrak yn it oranje, lykas it gemeentehûs fan Tytsjerksteradiel, Crackstate op It Hearrenfean en de ferneamde LF2018 bylden by it stasjon yn Ljouwert.

It oranje útljochtsjen fan wichtige gebouwen en bylden is in fêst ûnderdiel fan Orange the World. Earder wiene ek Times Square, Niagara Falls en de Brandenburger Tor yn it oranje.

Oer de hiele wrâld sjoen krijt ien op de trije froulju te meitsjen mei geweld. Yn Nederlân is dat sels 45% fan de froulju en famkes. Om dêr omtinken foar te freegjen is 25 novimber troch de Verenigde Naties útroppen ta ynternasjonale dei tsjin Geweld tsjin Froulju. Der dogge mear as hûndert lannen mei oan de oranje-aksje. De gebouwen bliuwe oant tiisdei 10 desimber 2019 oranje.

Harkje nei in bydrage fan Ben de Jager

Trefwurden: 
orange the world
(advertinsje)
(advertinsje)