Tefredenheid by boerenkollektyf oer earste petear mei de minister

25 nov 2019 - 20:33

Der is tefredenheid by it lânboukollektyf oer it petear dat se moandei hiene mei minister Schouten en fertsjintwurdigers fan de provinsjes. Trienke Elshof fan boere-organisaasje LTO seit dat it in konstruktyf petear wie.

Kij fan Haite Schukken - Foto: Omrop Fryslân

Der wiene likernôch 20 fertsjintwurdigers fan it boerekollektyf oanwêzich by it petear. Neffens Elshof wie der in goeie sfear en is de minister ree om op tige koarte termyn ynhâldlike petearen oan te gean mei it kollektyf oer it alternative plan foar de oanpak fan de stikstofproblemen.

Dit plan hat it kollektyf ferline wike presintearre. Ien fan de rânebetingsten fan it lânboukollektyf is dat de provinsjes en it ryk ien line lûke yn it belied dat ûntwikkele wurdt. De minister hat tasein ek dêroer it petear mei de boeren oan te gean.

It folgjende petear sil neffens Elshof dizze wike nei alle gedachten noch plakfine.

Harkje nei Trienke Elshof

Trefwurden: 
boeren stikstof
(advertinsje)
(advertinsje)