Undersyk NHL Stenden: Soad Fryske belangstelling foar eksport

25 nov 2019 - 20:13

In soad Fryske MKB-bedriuwen hawwe belangstelling foar eksport. Dat docht bliken út in ûndersyk fan hegeskoalle NHL Stenden nei it ynternasjonaal ûndernimmen troch it Fryske Midden- en Lytsbedriuw.

Foto: Omrop Fryslân

In petear mei ûndersykster Mariska van der Giessen

"Het kostte ons moeite om bedrijven te vinden die er niet mee bezig zijn", seit ûndersiker Mariska van der Giessen. Offisjeel docht 8,3 % fan de Fryske bedriuwen oan eksport, mar Van der Giessen tinkt dat it echte persintaazje heger leit.

Fan de bedriuwen dy't eksportearje docht de helte saken mei Dútslân. Oare wichtige ôfsetmerken binne België, Frankryk, Spanje en, foar bedriuwen dy't fierder sjogge as Europa, Sina.

Mentorprogamma nedich

De ûnderfrege bedriuwen witte allegearre dat de provinsje Fryslân sûnt 2015 in eksportloket hat om harren te helpen. De bedriuwen wurdearje dat, mar pleitsje wol foar 'simpeler en fleksibeler' subsydzjes. Bedriuwen soene har ek graach helpe litte wolle troch oare bedriuwen mei mear eksport-ûnderfining en gebrûk meitsje wolle fan de netwurken fan oare bedriuwen. De provinsje soe dit stypje kinne troch in mentorprogramma te fasilitearjen wêrby't bedriuwen mei ûnderfining nije eksportearders advisearje.

It persintaazje eksportearjende bedriuwen is de ôfrûne jierren omheech gien fan 7 nei 8,3 %. Lanlik is sa'n 10 % fan de bedriuwen dwaande mei eksport.

Harkje nei in petear mei Anne de Vries fan de provinsje

Trefwurden: 
NHL Stenden MKB eksport
(advertinsje)
(advertinsje)