FIDEO: Wethâlder Wielinga sjocht gjin heil yn ferplichte wurk foar bystân

De gemeente Súdwest-Fryslân is ûngelokkich mei it kabinetsplan om minsken yn de bystân te ferplichtsjen om in tsjinprestaasje te leverjen. Neffens wethâlder Gea Wielinga hat SWF al in systeem wêrby't sa'n tsjinprestaasje levere wurdt, al is dat net echt ferplichte.
FIDEO: Wethâlder Wielinga sjocht gjin heil yn ferplichte wurk foar bystân
Mei de hast 2400 minsken yn de gemeente mei in bystânsútkearing wurde fan jannewaris ôf petearen fierd om te sjen wat se eventueel dwaan kinne as tsjinprestaasje. Te tinken falt dan oan frijwilligerswurk of mantelsoarch. Soks ferplichtsje, sa't steatssekretaris Van Ark wol, hat neffens Wielinga net folle doel.
De bestjoerlike rebûlje yn Súdwest-Fryslân giet Gea Wielinga oan it hert, sa sei se yn It Polytburo. Fjouwert wethâlders seinen it fertrouwen yn harren kollega Stella van Gent op. It die bliken dat der al langer konflikten yn it kolleezje wienen, tusken PvdA'er Van Gent en CDA-wethâlder Maarten Offinga.
Troch it opstappen fan Van Gent is de PvdA út it kolleezje ferdwûn. Hokker partij dêr foar yn it plak komt, is neffens Wielinga noch net dúdlik.