GroenLinks, ChristenUnie en D66 wolle skeafûns foar MSC Zoe

Lanlike politike partijen GroenLinks, ChristenUnie en D66 wolle dat der in skeafûns komt, om it micro-plestik fan de MSC Zoe op te romjen. It grutte plestik is al fuorthelle, mar hast in jier nei de ramp leit it strân fan ûnder oaren Skiermûntseach noch besiedde mei lytse stikjes plestik.
Plastic kerrels yn de hân fan Jan Willem Zwart fan Natuurmonumenten © Remco de Vries, Omrop Fryslân
De partijen wolle it nij op te setten Waadfûns ynsette om ûndersyk te dwaan nei de mearjierrige ympakt fan de plestikfersmoarging. Ek moat it jild út it fûns brûkt wurde om ûndersyk te dwaan nei it effektyf opromjen fan de troep.

Ferhelje op MSC

De kosten fan it nije Waadfûns moatte úteinlik ferhelle wurde op de reder MSC. Rutger Schonis fan D66: "We hebben geen tijd te verliezen. Het fonds wordt gevuld door de reder, zodat de vervuiler betaalt en niet de Waddengemeenten opdraaien voor de kosten." De partijen dogge no tongersdei in foarstel yn de Keamer foar dit fûns.
Suzanne Kröger fan GroenLinks: "Op onze mooie Wadden voltrekt zich een langzame ramp. Overal ligt nog plastic afkomstig van de MSC Zoe. De reder heeft gezegd voor alle kosten op te draaien en daar wil ik het bedrijf aan houden."

Gefolgen yn byld

Neffens Stieneke van der Graaf fan de ChristenUnie is it nije fûns heech nedich om de gefolgen fan de ramp no ris echt goed yn byld te krijen.
Suzanne Kröger fan GroenLinks
De partijen sille harren foarstel foar it skeafûns tongersdei dwaan yn de Twadde Keamer.
Ien fan de grutste kontenerskippen yn de wrâld, de MSC Zoe út Panama, ferlear yn de nacht fan 1 op 2 jannewaris 2019 op syn minst 345 konteners. Dat barde krekt boppe de Fryske Waadeilannen. Al ús berjochten oer de kontenerramp binne te finen op de dossierside.