FIDEO: Maria Alyokhina fan Pussy Riot yn IepenUP

25 nov 2019 - 19:31

IepenUP hat dizze wike net ien, mar twa ôfleverings. Dy binne op moandei- en tiidsdeitejûn. Op moandei is Maria Alyokhina te gast, bekend fan de band Pussy Riot.

Homorjochten en feminisme

Nei't de Russyske punkband Pussy Riot yn in tsjerke presidint Putin provosearre hie, waarden de bandleden twa jier lang opsletten yn in strafkamp. Ynternasjonale stjerren lykas Paul McCartney, Madonna en U2 stipen de aksje en Pussy Riot feroare fan in muzykgroep yn in beweging. Maria Alyokhina is mei Pussy Riot hjoed-de-dei in begryp. De froulju komme op foar homorjochten en feminisme en fersette harren tsjin presidint Putin.

IepenUP Live wurdt dizze wike útstjoerd op moandei en tiisdei, beide kearen yn seal De Backstage yn Neushoorn yn Ljouwert. Belangstellenden binne wolkom fan 19.30 oere ôf. De tagong is fergees. De útstjoering is fan 20.00 oere ôf te folgjen op in livestream op de Facebookpagina's fan IepenUP en Omrop Fryslân en de Omrop-app.

(advertinsje)
(advertinsje)