Kettingbotsing op A7 by Drachten

25 nov 2019 - 18:09

Op de A7 by Drachten binne moandeitemiddei fjouwer auto's mei-inoar yn botsing kaam. Troch it ûngelok stie der in lange file by knooppunt Drachten.

Foto: De Vries Media

It is net dúdlik hoe't it ûngelok barre koe, en oft der ek minsken by ferwûne rekke binne. Der is in ambulânse oproppen om eventuele slachtoffers te helpen. De plysje hat fuort nei it ûngelok ien rydbaan ôfset, om sa better help ferliene te kinnen.

Trefwurden: 
A7 kettingbotsing
(advertinsje)
(advertinsje)