Unoerwinlike UNIS Flyers is 'Wedstriid fan de Wike'

UNIS Flyers ferlear dizze simmer de nedige stjerspilers, mar dochs hawwe de Feanster iishockeyers it yn it nije seizoen wer knap op 'e rit. Sterker noch: de earste fiif BeNe-League-wedstriden wûnen se allegearre. Ek yn de beker en yn de Inter Region Cup prestearje de Flyers goed. Alle reden om de klup no freed te ferkiezen ta 'Wedstriid fan de Wike', as se besite krije fan Microz Eaters Limburg.
It wie in útdaging: ferfanging fine foar trije wichtige spilers. Tony Demelinne, Marco Postma en keeper Sjoerd Idzenga ferlieten de Flyers nei it ôfrûne seizoen, dochs stiet de ploech fan coach Mike Nason earste yn de Be-Ne-League. "En dat is wol hiel knap, want dat hiene net in soad minsken yn it foar ferwachte", seit sportferslachjouwer Andor Faber. "Freed wolle de Flyers fansels de kopposysje behâlde, mar it is ek om in oare reden noch in bysûnder duel. Ljouwerter iishockeyer Postma komt werom op Thialf, want hy spilet no by de tsjinstanner fan freed."
It duel tusken de UNIS Flyers en Microz Eaters Limburg is sneon werom te sjen by Omrop Fryslân.
© Omrop Fryslân
Yn de 'Wedstriid fan de wike' stiet alle wiken op Omrop Fryslân radio, telefyzje en online in bysûndere sportwedstriid sintraal. Fan kuorbal oant amateurfuotbal en fan betelle fuotbal oant shorttrack: alles komt foarby. Der wurdt yn de oanrin ekstra omtinken jûn oan de wedstriid, dy't ferkeazen is ta 'Wedstriid fan de Wike.' De úteinlike grande finale, de wedstriid sels, is online te folgjen op Omropfryslan.nl en yn de Omrop-app. Somtiden live en oars as gearfetting werom te sjen.