Minister ferwachtet útkomsten fan ûndersyk Lelylijn ein 2020

25 nov 2019 - 17:19

It ûndersyk nei de helberens fan de Lelylijn is nei alle gedachten pas nei de simmer fan takom jier klear. Dat hat minister Van Nieuwenhuizen fan Ynfrastruktuer moandei sein yn in gearkomste oer transport. Sawat alle partijen dy't dêrby wiene sprekke harren stipe út foar in ûndersyk nei de Lelylijn.

Minister Cora van Nieuwenhuizen - Foto: ANP

Sa seit Cem Laçin fan de SP dat de oanlis fan nij spoar liede sil ta minder stiktsofútstjit, yn tsjinstelling ta sân sneldykprojekten fan VVD'er Remco Dijkstra. William Moorlag (PvdA) wol dêrom ek dat spoarprojekten foarrang hawwe moatte op nije diken. Neffens de minister sille nije projekten op it spoar hast gjin lêst hawwe fan it stikstoffraachstik.

Minister wol ek alternativen ûndersykje

Ferskate partijen wolle echt dat der in Lelylijn komt, en in alternatyf mei bygelyks in rappe busferbining. Erik Ziengs fan de VVD wol dat minister Van Nieuwenhuizen ek ûndersiket hokker effekten in Lelylijn hat op Ljouwert.

De minister sels wol ek oare wizen fan better iepenbier ferfier dy't de berikberens fan it noarden better meitsje ûndersykje litte.

SP en D66: earste resultaten graach begjin 2020

Op it stuit is de iennige ferbining nei it noarden oer Zwolle. De Lelylijn soe it noarden en de Rânestêd tichter by-inoar bringe en dat is goed foar de noardlike provinsjes, neffens Laçin (SP). De SP en D66 wolle de earste ûndersyksresultaten begjin 2020 witte. D66 wol boppedat witte oft it mooglik is om de Lelylijn, trochrinne te litten nei Dútslân ta.

De Lelylijn is in foarstelde spoarline tusken Lelystêd en Grins, mei stasjons yn Emmeloord, It Hearrenfean en Drachten. It plan liket op it plan foar de Suderseeline, dat yn 2007 ôfsketten waard. Al yn de jierren 80 wiene der al plannen foar in oare spoarline tusken de Rânestêd en it noarden.

Foto: http://www.lelylijn.eu
(advertinsje)
(advertinsje)