Oandielhâlder Noardeast-Fryslân oer Eneco-jild: It kin wol 22 miljoen wurde

25 nov 2019 - 16:46

Der komme miljoenen nei ús provinsje, want enerzjybedriuw Eneco giet oer yn Japanske hannen. It bedriuw wurdt foar 4,1 miljard euro oernommen troch wynmûne- en batterijfabrikant Mitsubishi en enezjybedriuw Chubu. Fjouwer Fryske gemeenten binne oandielhâlders yn Eneco en krije no in soad jild.

Foto: ANP

Der wiene noch oare gadingmakkers foar de oername fan Eneco. Shell tegearre mei pensjoenfûns PGGM en de Rabobank tegearre mei ynvestearder KKR hienen ek belangstelling. Mar neffens de NOS beaen de Japanners mear. De wearde fan Eneco wurdt rûsd op 3 miljard euro.

Oant 22 miljoen euro

Twa fan dy Fryske gemeenten binne Achtkarspelen en de fúzjegemeente Noardeast-Fryslân. dêr't de gemeenten Dongeradiel, Ferwerderadiel en Kollumerlân yn opgien binne. Wethâlder Engbert van Esch fan Noardeast-Fryslân: "It kin wol oant 22 miljoen euro oprinne." De gemeente Noardeast-Fryslân wol earst rêstich neitinke oer de krekte bestimming fan it jild. "We tinke oan in reserve-ûntwikkelingsfûns. It jild moat sa bestege wurde dat it maatskiplik wat opsmyt." Mooglik giet der ek jild nei in nij multyfunksjoneel sintrum yn Hallum, der't jildkrapte is.

De kommende moannen wurdt mear dúdlik oer hoe't it komt. Van Esch ferwachtet dat it jild yn 2021 yn de gemeentlike begrutting opnaam wurdt. De gemeenteried bepaalt úteinlik wêr't it jild hinne giet.

Egbert van Esch oer it Enecojild

Trefwurden: 
Japan oername enerzjy Eneco
(advertinsje)
(advertinsje)