Sportcast: "In steltsje wezelingen wienen it, benaude skiep"

25 nov 2019 - 16:43

SC Cambuur en SC Hearrenfean moasten beide yn Eindhoven fuotbalje ôfrûne wykein. Hearrenfean kaam nei in minne earste helte krekt tekoart tsjin PSV (2-1). SC Cambuur wûn wol: FC Eindhoven waard mei 3-0 ferslein. Yn de Formule E makke Nyck de Vries syn debút en hellet Epke Zonderland de Olympyske Spelen wol? Genôch te bepraten yn dizze Sportcast en dat dogge Geert van Tuinen, Arjen de Boer en Andor Faber dan ek graach. Andries Bakker is hjoed presintator.

De podcast is ek te beharkjen op Spotify en yn de podcast-apps.

SC Hearrenfean spile yn de earste helte net goed tsjin PSV. Mar nei it skoft wiene de Friezen eins better as PSV. Arjen de Boer wie dêrom suver lilk dat Hearrenfean yn de earste helte net sa spile: "In steltsje wezels wiene it, benaude skiep."

Geert van Tuinen wie kritysk oer it sloppe ferdigenjen fan Ricardo van Rhijn by de 2-0: "Van Rhijn liet him as in bern útspylje."

Nei it skoft kaam Alen Halilovic yn it fjild. De Boer fynt dat hy no in basisplak fertsjinnet. "Ik fyn dat je Faik derút helje moatte. Dan kin Halilovic op de rjochterkant fan it middenfjild spylje."

De Boer hat ek te dwaan mei Hearrenfean-spits Jens Odgaard: "It liket my super frustrearjend om by Hearrenfean as spits te spyljen. Dat komt troch Ejuke. Dy komt altyd nei binnen."

"Cambuur is tsjin gjin inkelde klup kânsleas"

Ek Cambuur spile in helte wêryn't it swier kealle. Andor Faber wie dan ek bliid mei de rappe goal nei it skoft: "It wie in gelok dat Cambuur sa gau yn de twadde helte skoarde. Oars hiene je wer sa'n drege helte krigen."

Jamie Jacobs ûntbruts by Cambuur. Faber hopet dat hy gau werom is, want "Jacobs is fan libbensbelang by Cambuur." Robert Mühren wie der wol, mar hy foel blessearre út. It liket ta te fallen en dat is moai neffens Arjen de Boer, want "as Mühren sa trochgiet, sjit er der 25 yn. Minimaal."

De Boer tinkt dat it fan Cambuur dochs al dreech winnen is: "Cambuur is thús tsjin gjin inkelde klup kânsleas."

Formule E

Nyck de Vries waard by syn debút by de Formule E sechsde en sechstjinde. It koe Geert van Tuinen net folle skele: "Hy rydt yn de Formule E. Kom op man, suertsjewetterkompetysje."

Ofwikseljend prate sportferslachjouwers Roelof de Vries, Andor Faber, Arjen de Boer en Geert van Tuinen yn dizze podcast dy alle moandeis by oer it sportnijs. De presintaasje is yn hannen fan Andries Bakker of Jantine Weidenaar.

(advertinsje)
(advertinsje)