Argewaasje oer pannakoai Dokkum smyt 401 hântekens op foar weriepening

De pannakoai yn de Dokkumer wenwyk it Fûgellân moat wer iepen, dat fynt it bestjoer fan de wykried fan it Fûgellân. Sy hawwe moandeitemoarn 401 hantekens fan ynwenners oanbean, oan wethâlder Pytsje de Graaf fan Noardeast-Fryslân.
© Omrop Fryslân, Ben de Jager
Yn totaal 393 húshâldens binne foar de weriepening fan de pannakoai, acht minsken hawwe harren hânteken setten foar in ferpleatsing fan de pannakoai en dan kin dy wat harren oanbelanget wer iepen. Net ien hat in hânteken set foar sluting fan de koai.

Ungelokkich momint

It petear tusken de wethâlder en it bestjoer fan de wykried ferrûn goed. Wethâlder de Graaf begrypt dat de timing fan de sluting, midden july dit jier, flak foar de simmerfakânsje op in ûngelokkich momint kaam. As gefolch fan de sluting begûn de jeugd rûn te swalkjen troch de wyk en waarden der brantsjes oanstutsen yn de Dokkumer bosk.
De pannakoai waard troch de rjochter sluten, om't der troch sân omwenners beswier yntsjinne waard tsjin de omjouwingsfergunning, dy't eartiids nea oanfrege bliek te wêzen.
© Omrop Fryslân, Ben de Jager
It eventueel ferpleatsen fan de pannakoai is eins net mooglik, om't de pannakoai sa fêst as in hûs yn de fundearring sit. De wethâlder moat no ta in nij beslút komme. Sân húshâldens dy't tsjin de omjouwingsfergunning yn gien binne, woene net in hânteken sette, ek net foar sluting. Sûnt midden july dit jier is de pannakoai ôfsluten op lêst fan de rjochter.
De wethâlder sil no in nij beslút nimme moatte oer de weriepening, wêrnei't minsken wer yn heger berop tsjin de omjouwingsfergunning yntsjinje kinne. Wannear't it beslút falle sil oer de pannakoai is noch net dúdlik.