Lotting distriktsbeker: Bûtenpost thús tsjin Drachtster Boys

25 nov 2019 - 15:55

Haadklasser Bûtenpost spilet yn de twadde ronde fan de distriktsbeker thús tsjin Drachtster Boys. Dat is de útkomst fan de lotting dy't moandei wie. Yn totaal sitte der noch 23 Fryske klups yn it bekertoernoai. Ryptsjerk is frijlotte, dus dy klup is al wis fan de tredde ronde.

Rik Weening fan VV Bûtenpost - Foto: www.orange-pictures.nl

Bûtenpost is de heechst spyljende Fryske ploech yn it noardlike bekertoernoai. Sy treffe no dus Drachtster Boys, dat tsiende stiet yn de Earste klasse. Treddeklasser Heech, dat yn de earste ronde stunte tsjin Balk, nimt it no op tsjin fjirdeklasser Dokkum. Ek Hearrenfeanse Boys skeakele yn earste ronde in earsteklasser út. Sy spylje no tsjin Oerterp, dat ferrassend wûn fan Broekster Boys.

De lotting fan de twadde ronde wie op regio. Dat betsjut dat de Fryske klups allegearre in oare Fryske klup moetsje. By oare regio's is itselde it gefal.

De wedstriden yn de twadde ronde wurde spile op 10, 11 en 12 desimber.

Lotting twadde ronde

De Jouwer 't Fean'58
Ljouwerter Sweltsjes Drachten
RWF VC Trynwâlden
WTOC Renado
LAC Frisia 1883 SDS
Bûtenpost Drachtster Boys
Oerterp Hearrenfeanse Boys
Heech Dokkum
ONT Skylge
Leovardia ONS Snits 2
Surhústerfean Read Swart
Ryptsjerk frijlotte

Bekertoernoai foar amateurklups

De distriktsbeker is it toernoai foar Nederlânske amateurklups. Klups út de haadklasse en leger dogge oan it toernoai mei. De twa Fryske klups yn de tredde difyzje, Harkemase Boys en ONS Snits, dus net. Sadwaande is Bûtenpost de heechst spyljende Fryske klup yn dit bekertoernoai.

Der binne seis KNVB-distrikten yn Nederlân. Alle Fryske klups sitte yn distrikt Noard.

(advertinsje)
(advertinsje)