Telefoansteuring leit Fryske ynstânsjes plat

25 nov 2019 - 15:40

Ferskate ynstânsjes ha op it stuit lêst fan in telefoansteuring. Under oare de rjochtbank Noard-Nederlân sit mei it probleem. Op de webside fan de rjochterlike macht stiet dat der in steuring is yn it telefoan- en ynternetferkear.

De rjochtseal yn Ljouwert - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

Troch de steuring binne meardere digitale tsjinsten net beskikber, lykas formulieren en registers. De rjochtbanken binne ek net telefoanysk te berikken. It is net dúdlik oft der ek sittingen skrast wurde moatte. Ek de provinsje is net te berikken mei de telefoan.

In wurdfierder fan Tele2 lit witte dat in 'tredde partij' by graafwurk tusken Zwolle en Ljouwert in glêsfezelkabel rekke hat. It is noch net dúdlik wannear't de steuring ferholpen is.

Trefwurden: 
telefoansteuring
(advertinsje)
(advertinsje)