Omrop TIP: Pussy Riot en Fair Saturday yn dûbelde IepenUP

IepenUP hat dizze wike net ien, mar twa ôfleverings. Dy binne op moandei- en tiidsdeitejûn. Op moandei is Maria Alyokhina te gast, bekend fan de band Pussy Riot en tiisdei sil der praat wurde oer Fair Saturday, de tsjinhanger fan Black Friday.
Pussy Riot © IepenUP

Homorjochten en feminisme

Neidat de Russyske punkband Pussy Riot yn in tsjerke tsjin presidint Putin protestearre hie, waarden de bandleden twa jier lang opsletten yn in strafkamp. Ynternasjonale stjerren lykas Paul McCartney, Madonna en U2 stipen de aksje en Pussy Riot feroare fan in muzykggroep yn in beweging. Maria Alyokhina is mei Pussy Riot hjoed-de-dei in begryp. De froulju komme op foar homorjochten en feminisme en fersette harren tsjin presidint Putin.
Jordi Albareda is de betinker fan Fair Saturday © IepenUP

Nei Black Friday komt Fair Saturday

Minder omtinken foar it kapitaal en mear omtinken foar oare minsken. Dat is it boadskip fan Fair Saturday, in ynternasjonale beweging tsjin hieltyd mear keapje.
Fair Saturday wurdt op 30 novimber foar it earst yn Nederlân hâlden, yn Ljouwert. Op dy dei wurdt omtinken frege oer sosjale duorsumens. Minder produsearje en mear gebrûk meitsje fan guod makke yn de omkriten.
Haadgast yn de útstjoering op tiisdei is Jordi Albareda, de betinker fan Fair Saturday. Ek komme de ferskate Ljouwerter projekten dy't hâlde wurde yn it ramt fan Fair Saturday oan de oarder yn de twadde ôflevering fan dizze wike.
IepenUP Live wurdt dizze wike útstjoerd op moandei en tiisdei, beide kearen yn seal De Backstage yn Neushoorn yn Ljouwert. Belangstellenden binne wolkom fan 19.30 oere ôf. De tagong is fergees. De útstjoering is fan 20.00 oere ôf te folgjen op in livestream op de Facebookpagina's fan IepenUP en Omrop Fryslân en de Omrop-app.