Sûnens Epke Zonderland giet de goede kant op

25 nov 2019 - 14:02

Turner Epke Zonderland moat yn de efterfolging op de Japanner Hidetaka Miyachi yn de striid om in olympysk ticket. Miyachi wûn de wrâldbeker yn Cottbus op de rekstôk en hat dêrmei in foarsprong op de Lemster. "Miyachi heeft zijn kans gepakt", seit Zonderland syn coach Daniël Knibbeler. "Maar we zijn niet geschrokken."

Epke Zonderland - Foto: www.orange-pictures.nl

Op it WK yn Stuttgart foel Zonderland op de rekstôk en ek as team hat Nederlân him net pleatse kinnen foar de Olympyske Spelen. De Fries kin him yndividueel noch wol pleatse foar Tokio 2020, mar dat moat dan op it wrâldbekersirkwy. Zonderland hat al twa wrâldbekers wûn. De bêste trije resultaten telle, mar by de earste kâns om syn tredde wrâldbeker te winnen, moast er ôfsizze: de olympysk kampioen fan 2012 moast operearre wurde oan de foarholleholtes.

Noch trije kânsen

Knibbeler: "Epke traint nog twee weken op lage intensiteit voordat we weer serieus op de toestellen aan de gang willen gaan." De turner hat noch trije kânsen om noch in wrâldbeker te winnen: yn febrewaris yn Melbourne, yn maart yn Bakoe en Doha. As Miyachi en Zonderland beide trije kear winne, dan wurde de skoares opteld.

Omdat Miyachi him ek ferbetterje kin, is it noch net te sizzen watfoar skoare Zonderland nedich hat om him foar syn fjirde Olympyske Spelen te pleatsen. Miyachi sette yn Cottbus 14,933 del. "Een goede score", neffens Knibbeler. Zonderland waard earder dit jier Europeesk kampioen mei 15,266.

Fitheid giet goede kant op

Mar dat wie yn in tiid dat de 33-jierrige Fries noch gjin fysike problemen hie. Dit neijier kamen de klachten dy't him yn 2015 behinderen werom. Op it WK wie Zonderland net fit en gong syn oefening de mist yn. Mar: "Met de fitheid gaat het de goede kant op", seit Knibbeler moandei. "We gaan nu opbouwen naar de World Cup in februari, waar hij goed zal moeten zijn."

(advertinsje)
(advertinsje)