Dokkumer bedriuw leveret flaggemêsten foar wrâldtentoanstelling yn Dubai

25 nov 2019 - 13:09

De Dokkumer Flaggesintrale hat in grutte oarder te pakken: it fabryk makket flaggemêsten foar de wrâldtentoanstelling dy't takom jier yn de Feriene Arabyske Emiraten is. Dat evenemint wurdt alle fiif jier holden en de earstkommende edysje is yn Dubai.

"We zijn al heel lang actief in het gebied, al tien jaar, en hadden al eerder vlaggen mogen leveren voor de grootste toren ter wereld", fertelt direkteur Robert-Jan Hageman. "Door die contacten hebben we deze opdracht gekregen. We zijn ooit begonnen met vlaggen. Daardoor zijn we ook op een beurs in Dubai gekomen, waar we met ondersteuning van de provincie konden zijn. Zo is het contact gelegd."

It bedriuw hat fabriken yn Sina en Finlân. "De masten worden duurzaam in China gemaakt, van die fabriek zijn we voor de helft eigenaar. De speciaal verpakte masten worden naar Dubai in zeecontainers verscheept. Dat vervoer is altijd wel een issue, want het is een langwerpig product, de masten zijn tien meter lang." It bedriuw makket no 700 mêsten, mar neffens de direkteur kin it wol rjochting de tûzenen gean.

Foto: Omrop Fryslân, Jantine Stoffers

It bedriuw is noch dwaande om ek flaggen te ferkeapjen foar de wrâldtentoanstelling. "Het thema van de wereldtentoonstelling is duurzaamheid en dat past er mooi bij, want we hebben vlaggen gemaakt van petflessen, van honderd procent gerecycled materiaal. Die opdracht hebben we nog niet."

Ek takom jier ferwachtet it bedriuw in soad drokte. "In 2020 is de Formule 1, het EK voetbal, 75 jaar bevrijding, de Invictus Games en Sail Amsterdam. We zijn druk bezig om opdrachten binnen te halen."

Direkteur Robert-Jan Hageman

(advertinsje)
(advertinsje)