Boeren steane mei trekkers by grutte diken as sinjaal oer stikstofdebat

25 nov 2019 - 12:57

De boeren fiere dizze moandei wer aksje. Op ferskate grutte diken yn de provinsje steane se mei trekkers by op- en ôfritten. Se dogge dat tusken 12.30 en 14.00 oere. Oanlieding is it petear dat minister Schouten fan Lânbou mei it Landbouwcollectief oer de stikstofplannen hat.

De aksjegroep Farmers Defence Force die ferline wike in oprop op Facebook oan boeren om har 'spierballen te tonen'. It is net de bedoeling om it ferkear te blokkearjen.

By Easterwâlde wurde sa'n 100 trekkers ferwachte. "We steunen hiermee onze collega's die in Den Haag bij het gesprek zijn. We laten ons hiermee weer zien," seit Danielle Hekman fan Farmers Defence Force. "We hebben gekozen voor een publieksvriendelijke actie en staan daarom naast de weg en niet op weg. Het is nodig om te doen want er wordt over ons heen gewalst."

Foto: Omrop Fryslân, Willem Vermeltfoort
Foto: Omrop Fryslân, Willem Vermeltfoort

Ek op de A6 by De Lemmer steane trekkers oan de kant fan de dyk.

Foto: CAMJO Media
Trefwurden: 
aksje boere-protest
(advertinsje)
(advertinsje)