Massapsycholooch: Begryp salang't boere-aksjes publyksfreonlik bliuwe

25 nov 2019 - 12:44

Boeren protestearje dizze moandei op 'e nij. Mei trekkers stean op- en ôfritten by ferskate diken. It is it safolste boereprotest. Guon minsken wurde der wat wurch fan, oaren hawwe noch altyd begryp foar de aksjes fan de boeren tsjin it stikstofbelied. Hoe sjocht massapsycholooch Hans van de Sande dernei?

Foto: Omrop Fryslân, Willem Vermeltfoort

Persoanlik stiet er achter de boeren, fertelt Van de Sande. Hy fynt dat se gelyk hawwe. Ast wat berikke wolst, moatst fan dy hearre litte yn de media. Dan prate de minsken thús deroer en de hope is dat it dan nei de polityk trochsipelet.

Publyksfreonlike aksje is biedwurd

Van de Sande seit dat it publyk de lange files troch de eardere trekkertochten nei Den Haag gau ferjitten is. Salang't de aksjes publyksfreonlik bliuwe, keart de publike opiny him net tsjin de boeren. Mar as der systematysk geweld of fernielingen oan te pas komt, lykas yn Frankryk en Ingelân, begjinne de mieningen hiel bot útinoar te rinnen. De iene fynt it in goede saak, wylst oare krekt fynt dat it der fier by troch is.

Dy pear dingen dy't oant no ta bard binne, lykas it stikkenriden troch in trekker fan de doar fan it provinsjehûs yn Grins, binne ynsidinten, seit Van de Sande.

Sûn boereferstân

Boeren hawwe sels wol troch hoefier't se gean kinne mei de aksjes. Se hawwe genôch boereferstân. Sels yn de stêden hawwe in soad minsken begryp foar de boere-aksjes, is Van de Sande fan betinken.

(advertinsje)
(advertinsje)