Henk Kroes oer Alvestêdetocht fan 1996 dy't net kaam: "We ha it net besocht"

It bestjoer fan de Vereniging De Friesche Elf Steden hat yn febrewaris 1996 de kâns op in Alvestêdetocht rinne litten troch de rayonhaden net foar in twadde kear byelkoar te roppen. Dat hie wol moatten, seit âld-foarsitter Henk Kroes yn it nije boek IJsmeester, over de mannen achter de schermen van de Elfstedentocht, dat nije wike ferskynt.
© Just Publishers
Dêrmei jout er foar it earst ta dat it bestjoer doe in ferkeard beslút nommen hat. Neffens Kroes kaam dat troch de enoarme druk fan de media. Se wienen benaud foar de reaksjes fan it publyk, as de rayonhaden opnij 'nee' sizze soenen. "We hienen de rayonhaden faker byelkoar roppe moatten. It is net sein dat de Alvestêdetocht dan wol trochgien wie, mar it punt is: we hawwe it net besocht."
It boek lit sjen wat der achter de skermen fan de 'Tocht der tochten' bart, sjoen troch de eagen fan de âlde iismasters. Yn 20 ferhalen fertelle âld-rayonhaden oer de mominten dy't har it meast bybleaun binne. Ien fan har is Henk Kroes.
De oanlieding foar sjoernalist Bas Sleeuwenhoek om it boek te meitsjen is it ôfskied fan rayonhaden en har assistinten. Yn de lêste fiif jier binne fyftjin mei pensjoen gien, dat is sawat in tredde fan de organisaasje en dêrmei giet in soad ûnderfining ferlern.
Neist Kroes komme ûnder oare ek Luppo Wolthuis, âld-iismaster fan Snits, en Sytse Prins, iismaster fan de feriening en Piet Venema oan it wurd.
© KRO NCRV
Henk Kroes fertelt hoe't dat doe gie. "Op snein ha we doe de rayonhaden by elkoar hân en we tochten dat it trochgean koe, mar dat koe net. Mar doe feroare it waar en frear it noch wat. It wie ûnwis oft de tocht trochgean kinne soe, mar we ha de rayonhaden net mear by elkoar roppen. Soks wie wrâldnijs doe as we by elkoar kamen. Achternei kinst dêroer diskusjearje, mar we hawwe der in hiel soad fan leard. Yn 1997 ha we alle dagen in parsekonferinsje hâlden. Dat wurke folle better."
It lestige oan it organisearjen fan in Alvestêdetocht is dat it net alle jierren is. "De evaluaasje fan 1997 is bygelyks neat mear wurdich, de tiid is sa bot feroare."
Foar de nije generaasje is alle ynformaasje sammele yn in stúdzjeboek en binne der kursussen foar de jonge bestjoerders. "Yn 1985 wie ik der bot om ferlegen om sokke ynformaasje, dat wie der net. It is no folle better regele mei draaiboeken. Ek de struktuer is oars, no is de oerheid der ek by belutsen. Dat wie doe net sa, doe wienen we oeral ferantwurdlik foar."
Henk Kroes