Fjoerwurkstress by bisten foarkomme: "Bliuw sels rêstich"

25 nov 2019 - 08:40

Wat kinst dwaan om 'fjoerwurkstress' by húsdieren foar te kommen? Yn Easterwâlde witte se dêr wol ried mei. By Dierenartsencentrum de Stellingwerven hawwe se konsulten wêrby't minsken mei de hûn lâns komme kinne. Dan krije baaskes fergees tips dy't by it bist passe.

De tips binne net allinnich foar hûnen, mar ek foar katten en sels kninen. Der is in soad fraach nei: der wurdt earder knald mei fjoerwurk en de knallen binne ek hurder. Ek bisten dy't bûten steane, lykas hynders en kij, kinne der lêst fan ha.

Bisten wurde ûnrêstich

"Kinst it echt wol fernimme oan hûnen en katten," fertelt Esther Zijlstra fan it Dierenartsencentrum. "Hûnen krûpe dy oan as se bang binne, se begjinne te flybjen en te janken. Se wurde hiel ûnrêstich. Ek katten wurde ûnrêstich, mar dy krûpe faak fuort op rare plakken. In hynder dat bûten stiet, hat der oer it generaal minder lêst fan om't bûtenút faak wat minder knallerij is, mar it komt wol foar dat se ek reagearje en ûnrêstich begjinne te draven. As se ôfwikend gedrach fertoane, kinst se better binnen sette."

Foto: Omrop Fryslân, Maaike van der Hoek

Ferslachjouwer Maaike van der Hoek praat mei Esther Zijlstra

By de klinyk jouwe se benammen advizen hoe't baaskes mei de stress omgean kinne. "By in hûn is it belangryk datst sels rêstich bliuwst. In hûn sjocht bot nei syn eigener. Dus moatst rêst útstriele, sa fan der is neat oan de hân. Ast sels lilk reagearrest of skrikst fan fjoerwurk, dan nimt de hûn dat gedrach fan dy oer. Mei ien knal kin in bist al yn de stress reitsje. By elke knal wurde se banger. As in bist echt hiel bang is, is der ek medikaasje mooglik."

Aldjiersdei

"Mei âld en nij is it ferstannich om de hûn oan de line út te litten, sadat er der net fan troch giet as der ûnferwachts knald wurdt. En ek hiel belangryk: lit in bist net allinnich. Ast in kat hast, is it handich om in plakje te hawwen dêr't er yn fuortkrûpe kin, in kartonnen doaze bygelyks."

Foto: Omrop Fryslân, Maaike van der Hoek

Ferslachjouwer Maaike van der Hoek praat mei Esther Zijlstra

(advertinsje)
(advertinsje)