Kollum: "Sliepe ûnder de wurkbank"

"Sliepe yn in tsjerke njonken de preekstoel: ik hearde der tafallich foarige wike wat oer op de radio. De stichting Heilige Nachten wol pop-up hotelkeamers meitsje yn Fryske tsjerken om sa wat jild binnen te slepen foar al it leechsteande kultureel erfgoed rûnom yn de provinsje. Op dit stuit wenje wy ek yn in pop-up hotelkeamer, mar dan net yn in tsjerke, mar yn in garaazje.
© Omrop Fryslân
De toan fan Nynke van der Zee
Ferline wykein binne wy nei trije moannen klussen offisjeel ferhûze nei Boelensloane. Dat hie noch hiel wat fuotten yn de ierde, want ús flier yn it hûs is noch net klear. Wy woene altyd graach in betonnen jitflier mei flierferwaarming. Dus doe't wy dit hûs kochten, koe ús winsk lang om let útkomme. Mar echt goed ynlêzen oer hoe't soks yn de praktyk krekt wurket, dat hienen wy fansels net dien.
In jitflier fan beton leit der yn no time yn. Alhoewol, by ús ha se oant acht oere jûns dwaande west. Mar toch: it is relatyf rap beslikke. Mar dan komt it. De boel moat ek drûgje. Sjoch, en dêr hiene wy efkes gjin rekken mei hâlden. Skynt dat der in formule is dat beton de sintimeter in wike drûchtiid nedich hat. En wy ha op sommige stikken wol sa'n tsien sintimeter dik beton krigen. Dus rekkenje mar út.
Ferline wike kaam de man fan de flier mei in spesjaal apparaatsje, dat it fochtpersintaazje yn de flier mjitte kin. Op sommige plakken joech er hûndert prosint oan. Wy meie dan gjin echte boufakkers wêze, mar ien ding wie ús rap dúdlik: wy wenje noch wol efkes yn ús garaazje.
Ach, it hat ek wol wer wat: kampearje yn eigen hûs. Ik skyl de ierpels oan de wurkbank, njonken de kitspuiten en de boarmasines. De waskmasine stiet gesellich njonken de blêdblazer te draaien en de ranja stiet yn de kast njonken de 'antivries' en de rutewiskersfloeistof. Moatst der allinnich efkes om tinke watfoar flesse oftst pakst. Wy ha de kachels op fûl gas, dus wy kinne it krekt waarm hâlde.
It grutte neidiel is dat wy kontinu alles kwyt binne. Oeral leit guod opsteapele yn doazen dêr't wy kreas opskreaun ha wat it krekt is en wêr't it hinne moat. Mar yn plak fan nei de keuken of de wenkeamer stiet alles no dus yn de garaazje. En dat betsjut dat wy somtiden op kop en earen yn in bulte ferhûsdoazen dûke moatte om de playstation te sykjen of de wettersieder.
Yntusken ha wy sawat alles dat we nedich ha wer fûn. De bank stiet te plak, krekt as de keukentafel en it bêd. Wy ha de hiele garaazje omtsjoend ta wenkeamer, kompleet mei sfearfolle lampkes en fotolistjes. De toffeltsjes stean gesellich foar de seachmasine: it is suver smûk.
It iennige dat der noch oan mankearret, is it ynternet. Spitigernôch lit it glêsfezel-ynternet noch efkes op him wachtsje. Ofrûne tongersdei soe it heve, mar doe wie der noch gjin sinjaal. Dus oant dy tiid binne wy off-line. Mar ek dat komt fêst goed. Alhoewol.
Krekt foardat de man fan it glêsfezelbedriuw wer yn syn auto stapte, attindearre er my op it feit dat ik ek ynlogkoades foar it ynstallearjen nedich ha. En dy stean yn in brief, dy't wy in pear wike lyn krigen ha. Just ja. Aanst earst mar wer op kop en earen yn de ferhûsdoazen."