Boekekast #9: Stosân fan Anders Rozendal

24 nov 2019 - 10:30

Harkesto ek graach nei Fryske ferhalen? Dan ha we goed nijs foar dy. Omrop Fryslân hat yn gearwurking mei Boeken fan Fryslân in podcast ûntwikkele mei de moaiste Fryske boeken en ferhalen fan dit momint: de Boekekast. Yn dizze njoggende Boekekast in fragmint út 'Stosân' fan Anders Rozendal. It ferhaal wurdt foarlêzen troch Rein Tolsma.

Stosân, yn 2017 útjûn, is in aktueel, ûnderhâldend en bytiden spannend boek. Dictus en Ina, op fakânsje mei de kemper ûnderweis fan Frankryk nei Dútslân, wurde op in parkearterrein oansprutsen troch in sekere Jacques. As Jacques fuort is, docht net allinne bliken dat er Dictus en Ina foarliigd hat, mar ek dat hy de Libyske har paspoart en har jild noch hat. In spannende syktocht folget.

Dizze ôflevering fan Boekekast is krekt as de oare ôfleveringen te beharkjen op Spotify.

Anders Rozendal

Anders Rozendal is ien fan de produktyfste skriuwers yn Fryslân. Rozendal kaam op de gedachte om in ferhaal te skriuwen, neidat er yn it Friesch Dagblad in oprop lêzen hie oan minsken om koarte ferhalen yn te stjoeren. Sûnt 2001 komt der by de KFFB sawat alle jierren in boek fan him út. 'Stosân' is de sechtjinde roman fan de skriuwer út Easternijstsjerk.

De Boekekast is in podcast mei Fryske ferhalen en fragminten út Fryske boeken. Boekekast is in inisjatyf fan Boeken fan Fryslân en Omrop Fryslân. Sechtjin wiken lang wurdt alle sneinen in nij ferhaal of fragmint publisearre. Boekekast is te beharkjen op de webside fan Omrop Fryslân, yn de podcastapp en op Spotify. Sjoch foar mear ynformaasje oer Boekekast op omropfryslan.nl/boekekast.

(advertinsje)
(advertinsje)