Lanlik mear gasten en oernachtingen; yn Fryslân nimt it krekt ôf

25 nov 2019 - 06:51

Yn de simmermoannen slepten in stik minder minsken yn in hotel of oare ferbliuwsakkommodaasje yn Fryslân as yn deselde moannen it jier derfoar. Dat docht bliken út sifers fan it Centraal Bureau voor de Statistiek (CBS) dy't ferskynd binne.

Foto: Omrop Fryslân, Timo Jepkema

Yn de simmermoannen fan 2018 bleaunen 516.000 gasten yn ús provinsje. Yn deselde moannen fan dit jier wienen dat hast 30.000 minder. Oant 2018 wie in opgeande line te sjen, mar dy is nei foarich jier dus ôfnommen.

Ek it tal oernachtingen is ôfnommen, al is it krekt minder as it tal gasten.

Foto: Omrop Fryslân

Lanlik nimt it tal gasten en oernachtingen ta. Nederlân hiet yn july en augustus fan dit jier hast 10 miljoen gasten wolkom; in groei fan 4,4 prosint yn ferliking mei deselde moannen yn 2018. It tal oernachtingen wie sels hast 8 prosint mear.

Trefwurden: 
CBS toerisme
(advertinsje)
(advertinsje)