Keunstwurk betinkt wapendroppings yn Ketliker Skar

25 nov 2019 - 06:30

Trije wapendroppings hawwe der yn 1944 west yn natuergebiet it Ketliker Skar fan It Fryske Gea. Om dat te betinken, stiet op it plak dêr't dat wie no in keunstwurk fan Nynke Rixt Jukema fan trije peallen mei replika's fan wapenkonteners der op.

It keunstwurk is ôfrûne sneon presintearre oan omwenners. Op elke peal sit in knop en as je der op drukke, hearre je yn it koart it ferhaal fan de wapendroppings. Der stie al in lyts houten boerd by it fjild dêr't dit barde. Dêrop stie dat der fjouwer droppings wienen, mar troch ûndersyk is no dúdlik dat it op dit plak trije kear slagge is.

Boppedat sit yn elke kontener ek in flearmûzeferbliuw foar tûzenen flearmûzen. Der libje wol fjouwer soarten yn it gebiet. Oft sy ek echt ferbliuwe wolle yn de konteners, is ôfwachtsjen.

It keunstwurk yn it Ketliker Skar - Foto: Remco de Vries, Omrop Fryslân

Yn 2020 is it 75 jier lyn dat de Twadde Wrâldoarloch ta in ein kaam. Dêrom wol It Fryske Gea mear dwaan mei it oarlochsferline yn harren natuergebieten. Dat is al gebeurd yn de Alde Feanen dêr't it ferhaal fan in delstoarte Lancaster sichtber ferteld wurdt. En yn de Rysterbosk stiet it ferhaal fan lansearynrjochting fan V-2 raketten sintraal.

Der komme yn alle gefallen ekstra ekskurzjes oer it oarlochsferline fan de natuergebieten fan It Fryske Gea.

Ferslachjouwer Remco de Vries wie by de presintaasje

(advertinsje)
(advertinsje)