Sovon liedt needklok oer bedrige ljip

25 nov 2019 - 06:03

As der neat bart, is de kâns grut dat yn 2030 noch mar fiif prosint fan de ljippen oerbleaun is yn ferliking mei it oantal yn 1995. Dat seit wurdfierder Albert de Jong fan Sovon Vogelonderzoek Nederland, de organisaasje dy't yn ús lân in soad fûgeltellings docht.

Ljip - Foto: Shutterstock.com

Yn 1995 wiene noch goed 200.000 ljippen yn ús lân. Dat sille yn 2030 dus inkele tsientûzenen wêze. De takomst fan de ljip wurdt bedrige. Albert de Jong fan Sovon seit dat it ek de neisoarch fan de nêsten gjin ferskil makket.

Ut ferskate mjittingen komt nei foaren dat fan elke twa nêsten mei fjouwer ljipaaien der mar ien ljip oerbliuwt. Der binne te min ynsekten om te iten, wylst der gjin dekking foar de bisten is op it lân.

De Jong fan Sovon pleitet derfoar dat boeren wer stroken gers of krûden oanlizze, sadat de ljip mear kâns makket. Hy docht in oprop oan de boeren om it lân minder yntinsyf te brûken.

Albert de Jong fan Sovon

Trefwurden: 
ljip SOVON Albert de Jong
(advertinsje)
(advertinsje)