Schulting en Wüst kinne sporter fan it jier wurde

24 nov 2019 - 21:05

Suzanne Schulting en Ireen Wüst steane op de shortlist foar sporter fan it jier. Foarich jier waard Schulting sportfrou fan it jier. Wüst wûn dy titel yn 2014.

Foto: www.orange-pictures.nl

Shorttrackster Suzanne Schulting wûn dit jier de wrâldtitel allround. Se is de earste Nederlanner dy't dat hellet. Yn jannewaris waard se ek Europeesk kampioen.

Ireen Wüst waard dit jier wrâldkampioen op de 1500 meter. Dat hie se al trije kear earder west, mar dizze oerwinning wie oars. Ien moanne earder ferstoar har freondinne Paulien van Deutekom.

Trainer

Der binne mear Fryske nominaasjes, yn oare kategoryen. Shorttracktyrainer Jeroen Otter kin coach fan it jier wurde. Hy traint ûnder oare Suzanne Schulting, en hat al sûnt 2010 de lieding oer de shorttrackploech.

Paralympiërs

Yn de paralympysje kategory steane Liesette Bruinsma en Tristan Bangma op de list. Bruinsma swom dit jier meardere wrâldrekôrs, en helle trije gouden medaljes op it WK yn Londen.

Tristan Bangma is nominearre mei syn fytsmaat Patrick Bos. It duo wûn dit jier it WK Paracycling yn Emmen. De emoasjes waarden him de baas doe't er oer de einstreek kaam.

Sportploech

Der steane ek ploegen op de list dêr't Friezen yn sitte. Reedriders Sven Kramer en Douwe de Vries binne nominearre mei it team fan de ploege-achterfolging. Erwin Zwart is nominearre mei it kuorbalteam, en Sherida Spitse en Loes Geurts mei de Oranjeliuwinnen.

De folsleine list mei nominaasjes is te sjen by de NOS. In faksjuery, mei dêryn ûnder oare âld-Hearrenfeancoach Foppe de Haan, nominearret sporters dy't op de list steane. Ien desimber wurdt dúdlik wa't de nominaasjes krije. Op it sportgala fan 18 desimber wurdt bekend wa't de winners binne.

(advertinsje)
(advertinsje)