Hearrenfean baalt: "We hadden te veel ontzag voor PSV"

24 nov 2019 - 22:14

Hearrenfean wie der hast. Mei in stân fan 2-1 op it skoareboerd, yn it foardiel fan PSV, kamen de Feansters hieltyd tichterby in punt, mar yn de earste helte ha de Friezen it fergriemd. Ferdigener Ricardo van Rhijn wie dêr dúdlik oer. "We hadden teveel ontzag voor PSV."

Foto: www.orange-pictures.nl

De earste helte wie weardeloas, mar yn de twadde helte kantele de wedstriid folslein. PSV waard benaud. Tsien minuten foar de ein krigen de doelman in giele kaart foar tiidrekken. "Wel bijzonder, dat ze dat doen, tegen Heerenveen", seit Jansen. "Ik ben blij dat we ze zo onder druk konden zetten."

Tsjin de ein fan de wedstriid spile Hearrenfean alles of neat. Der stiene fiif spitsen op it fjild, en op it lêst kaam sels keeper Warner Hahn mei nei foaren. "Je ruikt dan dat er iets te halen valt", seit Jansen, "en je weet dat je dan ruimtes weg gaat geven, maar doordat er veel druk op de bal was, en veel strijd, konden we vooruit blijven spelen."

Hicham Faik

De teloarstelling oerhearsket, by Hicham Faik, foaral nei de twadde helte. Doe die PSV it yn de broek. "De tweede helft wel. De eerste helft hebben we ze twee doelpunten gegeven. En dat is wel heel jammer."

"In de tweede helft hebben we ons hersteld", seit Faik. Dat was ook de afspraak, dat hebben we afgesproken in de rust. PSV was nergens, in de tweede helft."

Ricardo van Rhijn

Ricardo van Rhijn wie ek net bliid mei de útslach, nei dy goeie twadde helte. "PSV kwam behoorlijk onder druk te staan, en daardoor kwamen zij niet uit de verf. Dat had met ons spel te maken."

"In de eerste helft hadden we teveel ontzag voor PSV."

"We zien nu dat we het PSV in eigen huis heel lastig kunnen maken. Dat gevoel moeten we vanaf de eerste minuut hebben. Niet dat ontzag, dat we in het Philips Stadion spelen. Een gelijkspel was terecht geweest."

Trefwurden: 
SC Hearrenfean fuotbal
(advertinsje)
(advertinsje)