Hearrenfeanfroulju ferlieze thús fan Ajax

24 nov 2019 - 19:36

De froulju fan SC Hearrenfean hawwe ferlern fan Ajax. De Feansters koenen yn in ûnrestige wedstriid op it eigen Sportpark Skoatterwâld de goal net fine. It waard 1-0.

Foto: Pro News

Yn it earste healoere barde der net in soad op It Hearrenfean. De earste echte kânsen wiene foar de besikers. In frije traap fan Ajax-spylster Desiree van Lunteren, dy't dizze wike witte liet op te hâlden by Oranje, gie mar krekt oer de goal hinne.

It wie neffens it spulbyld terjochte dat de Amsterdammers op foarsprong kamen. Eshley Bakker makke krekt foar de tee de 0-1. Sy kopte de bal nei in perfekte foarset fan Soraya Verhoeve efter keepster Charetha Okken.

Pas yn de 75ste minút koe Hearrenfean de earste kâns notearje. Oanfalster Tiny Hoekstra besocht de lykmakker tsjin de touwen te wurkjen, mar de keepster fan Ajax, Lize Kop, koe de bal der út hâlde. De twadde kâns foar de Feansters koe nei in goede foarset fan Hoekstra ek net ôfmakke wurde.

Yn it fierdere diel fan de wedstriid wist Hearrenfean gjin kansen mear te kreëarjen. De froulju stean mei 12 punten út 9 wedstriden op it fjirde plak yn de earedifyzje.

(advertinsje)
(advertinsje)