Frysk maratonsukses by Trachitol Trophy

Maratonreedrydster Marijke Groenewoud fan Hallum hat yn Grins de Trachitol Trophy, in wedstriid oer fjouwer dagen, op har namme skreaun. It punteklassemint waard wûn troch Manon Kamminga fan Haulerwyk.
Trachitol Trophy
Groenewoud hie de earste twa races fan de maratonwedstriden, yn Enschede en Utrecht, mei oertsjûging wûn. Sneon skoarde se yn Hoorn gjin punten, en dêrtroch starte Kelly Schouten de lêste wedstriid, yn Grins, as lieder fan it klassemint.
Groenewoud kaam as tredde oer de streek. Se wûn de sprint fan it peloton, en dat wie genôch foar de winst yn it klassemint. Pien Keulstra wûn de race, en Emma Engbers waard twadde.
By de mannen wie Gary Hekman oppermachtich. Hy hie de earste trije races op syn namme skreaun. Yn Grins waard er twadde, achter Erik Jan Kooiman. It wie mear as genôch foar de winst.
Maratonriders by de Trachitol Trophy © www.orange-pictures.nl