Mei Douwe de Vries pakke Nederlânske mannen goud op ploege-achterfolging

24 nov 2019 - 17:22

Sûnder Sven Kramer ha de Nederlânske mannen de ploege-achterfolging wûn by de wrâldbekerwedstriden yn Poalen. De Nederlanners finishten yn in nij baanrekôr.

Foto: Martin de Jong

Patrick Roest wie oproppen as ferfanger fan Sven Kramer, dy't net nei Poalen ôfreizge wie fanwege oanhâldende problemen mei de rêch. Hy ried mei Marcel Bosker út Ginslân, en Douwe de Vries fan It Hearrenfean.

Japan pakte it sulver, ien sekonde achter Nederlân, en Ruslân helle brûns.

Foarich jier wûn Nederlân de wrâldtitel op dit ûnderdiel. Doe die Sven Kramer noch wol mei.

(advertinsje)
(advertinsje)