Ireen Wüst is 25 kear de rapste op 1500 meter

24 nov 2019 - 16:55

Ireen Wüst hat foar de 25ste kear it wrâldbekergoud ferovere op de 1500 meter. Yn Poalen ried se in nij baanrekôr, fan 1.56,62.

Foto: Martin de Jong

Foarige wike wie Wüst yn Wyt-Ruslân ek al de rapste, mei ûngefear deselde tiid (1.56,46).

Melissa Wijfje, dy't foar it Fryske gewest rydt, waard fjirde, yn in tiid fan 1.57,45. It wie har bêste klassearing ea yn de wrâldbeker. Antoinette de Jong wraksele. Se ried mei 1.58,05 de njoggende tiid.

"Ik weet wat ik moet doen"

"Twee keer op rij winnen op de 1500 meter, dat is heel lekker en geeft zeker voldoening", sei Wüst tsjin de NOS. "Ik twijfel eigenlijk nooit op deze afstand. Natuurlijk, ik moet het elke keer wel weer laten zien, maar ik weet wat ik moet doen om te kunnen winnen."

Wüst sei yn oanrin nei de wrâldbekerwedstriid yn Poalen dat se in prinsipe trochride wol oant en mei de Winterspelen fan Peking yn 2022.

Nei de winst yn Tomaszów Mazowiecki woe se sa fier noch net foarútsjen. "Goud bij de WK afstanden in Salt Lake City op de 1500 meter is mijn grote doel. Hopelijk met een heel mooie tijd. Ik ben net als heel goede wijn. Hoe ouder, hoe beter."

Wrâldrekôr

Wüst mikt yn Amearika op in wrâldrekôr op de 1500 meter. Yn har gouden karriêre hat se noch noait in mondiale toptiid op har namme sette kinnen.

Trefwurden: 
reedriden Ireen Wüst
(advertinsje)
(advertinsje)