Sa klinke de klokken dy't gjin minsk noch heard hie

24 nov 2019 - 21:21

Nei jierren fan stilte binne de klokken fan de Friezentsjerke yn Rome no wer te hearren. It lûdsmeganisme wie yn in minne steat, en it houtwurk wie fergien. Mei jild fan de Abe Bonnemastichting binne de midsiuwske klokken wer by de tiid brocht.

Ed Nijpels en Sible de Blaauw fan de stichting Freonen fan de Friezentsjerke ha de klokken let.

De klokken hingje boppe yn de romaanske campanile oan de súdkant fan de Friezentsjerke. It binne lytse, mar weardefolle brûnzen klokken. Se binne yn 1757 en 1768 getten troch de bruorren Angelo en Felice Casini. Sy wiene yn dy tiid de klokkejitters fan it pauslik paleis.

Trefwurden: 
klokken Rome Friezentsjerke
(advertinsje)
(advertinsje)