Ekwadraat ynvestearret yn alternatyf foar ierdgas

24 nov 2019 - 13:34

In nij fergêstingsprojekt fan bermgêrs kin binnen in pear jier fiif persint fan it Nederlânske ierdgas ferfange. Dat seit duorsumheidsûndernimmer Douwe Faber fan it Ljouwerter bedriuw Ekwadraat.

Foarbyld bermgers ynstallaasje - Foto: Tim Eshuis

Yn in konsortsium fan it ryk, Rykswettersteat, ferwurkers fan gers, de GasUnie en GasTerra wurdt wurke oan it konsept. Der moatte yn Nederlân tsien oant fyftjin ferwurkingslokaasjes komme, foar yn totaal sa'n trije miljoen ton gers. Ien fan de earste twa sil boud wurde op de enerzjykampus yn Ljouwert.

Unike 'byfangst'

Undersyk hat fierder noch útwiisd dat it restprodukt fan de fergêsting foar njoggentich persint oerienkomt mei fean. Op dit stuit wurdt fean noch altyd ôfgroeven as grûnstof foar potgrûn. Dat soe net mear nedich wêze as dit restprodukt fan de fergêsting brûkt wurdt. Sa wurket dit duorsumensprojekt meardere kanten op, neffens Faber.

Douwe Faber fan Ekwadraat

"De útstjit wurdt benut as tapasber gas, it restprodukt as grûnstof", sa seit hy. "It fean hoecht net of minder ôfgroeven te wurden en it liket ek nochris in sûn 'businessmodel' te wêzen."

Yn 2021 wurdt de earste produksje fan dit gas ferwachte.

Trefwurden: 
Ekwadraat bermgers fergêster
(advertinsje)
(advertinsje)